Flinke drokte yn Ljouwerter iishal

De iishal yn Ljouwert lûkt in soad besikers. Tiisdei wiene der sa'n 700 reedriders en dat is mear as gewoanwei. Dat komt ûnder oare troch de foarjiersfakânsje, mar de iishal lûkt ek mear minsken, omdat Thialf ticht is foar fernijbou. Boppedat ha minsken net op natueriis ride kinnen dizze winter. De iisbaan is ek ekstra iepen en der kin foar in spesjaal taryf reedriden wurde.
Yntusken giet de nijbou fan de Elfstedenhal, krekt fierderop gewoan troch. Dizze nije iishal sil yn septimber fan dit jier iepen. En dat wurdt ek heech tiid, sa seit behearder Meindert Timmerman. "Der is hjir alle dagen wol wat stikken. Alle kearen as ik by de iismasine kom en hy stiet oan, dan tink ik: gelokkich, hy docht it noch". De nijbou is nedich omdat de âlde hal bot ferâldere is. Boppedat foldocht de kuolynstallaasje net mear oan de Europeeske regels en mei ynkoarten net mear brûkt wurde.