Buorlju Neushoorn posityf oer nij poppoadium

Buorlju fan it nije poppoadium Neushoorn oan it Harmoniekwartier yn Ljouwert binne posityf oer de nijbou. Se wiene tiisdeitejûn te gast by de direkteur fan it kulturele sintrum yn de stêd. Doel wie om ûnder it genot fan in bierke mei mekoar yn de kunde te kommen en de plannen troch te praten.
De bou is ferline jier úteinset en krijt hieltyd mear foarm. Guon oanwêzigen wiene wol benaud dat it poppoadium ûnearlike konkurrinsje wurdt foar de hoareka yn de stêd.
Janpier Brands, direkteur fan Neushoorn, lei oan de buorlju út dat soks perfoarst net it doel is.