Basketballers Aris ferlieze thús fan Donar

24 feb 2015 - 22:27

Basketbalklup Aris hat tiisdeitejûn mei 97-79 ferlern fan Donar út Grins. De Ljouwerters setten goed útein yn sporthal it Kealledykje. Nei in kertier spyljen stie Aris mei 25-14 foar tsjin de nûmmer trije fan de kompetysje. Mar al foar de rêst kaam Donar op foarsprong. Yn de twadde helte rûnen se al gau út op de Ljouwerters. Troch it ferlies bliuwt Aris op it sechsde plak yn de kompetysje stean.

Nei de wedstriid kaam coach Tom Simpson razend de klaaikeamer út. "Ik ben er klaar mee, ze zoeken het nu zelf maar even uit."

Ek oanfierder Tjoe de Paula wie razend. "Ik heb dit keer niet het woord genomen. Dat heb ik al zo vaak gedaan. Sommigen komen hier alleen voor hun salaris en that's it."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)