Gemeenteried Skylge unanym tsjin gaswinning

24 feb 2015 - 22:15

De gemeenteried fan Skylge is unanym tsjin de gaswinning troch Tulip Oil. Dat die tiisdeitejûn bliken ûnder de gemeenteried. De ried naam in moasje oan fan VVD en PvdA wêryn't se boargemaster en wethâlders opdrage om alles yn it wurk te stellen om de gaswinning foar te kommen. Neffens de ried is der in soad ûnrêst ûntstien ûnder de eilanners.

Boppedat wurde mei de gaswinning prosessen yn de boaiem yn gong set dy't net werom draaid wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)