Feanster Piet Bouma projektdirekteur Kampus Fryslân

De fakulteitsried fan de Ryksuniversiteit wie net oer de plannen ynformearre
Piet Bouma fan It Hearrenfean is troch it kolleezje fan bestjoer fan de Ryksuniversiteit beneamd ta projektdirekteur fan de Kampus Fryslân. Hy wurdt ferantwurdlik foar de opbou fan de organisaasje en de yntegraasje fan de nije fakulteit yn de universiteit. Bouma giet fan 1 maaie ôf oan de slach. Dan wurdt de kampus de alfde fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins. Bouma is no haad kommunikaasje fan de universiteit. Earder waard Jouke de Vries beneamd ta dekaan fan de nije fakulteit. Dêr is plak foar 1.000 studinten.