Oant no ta achttjin strjitrôven yn Ljouwert

24 feb 2015 - 16:54

It tal strjitrôven yn Ljouwert is de ôfrûne wiken oprûn nei achttjin. De plysje tinkt dat de oerfallen mei-inoar te krijen hawwe. It giet nei alle gedachten om twa dieders dy't allinnich of as duo taslaan. Meastentiids benaderje se de slachtoffers fan achteren. De bút bestiet út jild of in mobile tillefoan.

Ien dieder is wat âlder, hat in donkere hûdskleur en in stevich postuer. De oare dieder is jonger, 'licht getint' en lytser as de oare dieder. De plysje siket noch in slachtoffer dat op 5 febrewaris op de Bleeklaan oerfallen waard.

Trefwurden: 
Ljouwert strjitrôf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)