650 Sollisitaasjes op baan fan boade gemeentehûs

Op de frijkommen fakatuere fan boade yn it gemeentehûs fan Menameradiel hawwe mar leafst 650 minsken skreaun. Boargemaster Van Mourik fan de gemeente Menameradiel tinkt dat it grutte tal te krijen hat mei it feit dat hieltyd mear minsken op fêste banen sollisitearje. Dêrneist is in baan as boade yn Menameradiel ek gewoan hiel moai wurk, seit hjoeddeistige boade Renske de Jong. De gemeente Menameradiel hat noch in drege sollisitaasjeproseduere foar de boech.