Hiele gemeenteried Skylge tsjin gasboarrings

24 feb 2015 - 16:35

Alle fraksjes yn de gemeenterie fan Skylge tsjinje tiisdeitejûn in moasje yn tsjin de gasboarrings op it eilân. Twa ynformaasjejûnen op it eilân hawwe dúdlik makke dat der grut ferset is tsjin de plannen fan Tulip Oil om nei gas te boarjen op it eilân. De folsleine gemeenteried wol no al dúdlik meitsje dat se gjin boarrings wolle op of ûnder it eilân, of transport fanwege de gasboarrings oer it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)