Sonnema hat wettertoer Boalsert oankocht

24 feb 2015 - 16:17

Sonnema Berenburch hat de âlde wettertoer fan Boalsert kocht. De toer is allang net mear yn gebrûk en leech fan binnen. Sonnema wol der in besikerssintrum yn meitsje mei hoarekafoarsjennings. It Sonnemafabryk sit no yn de binnenstêd fan Boalsert en wurdt troch in soad minsken besocht. It hiele bedriuw moat nei de wettertoer krekt bûten de stêd ferhúzje.

De wettertoer wurdt fan binnen en fan bûten ferboud. Der komme ferskate flierren yn. Oan de bûtenkant wurdt de betonnen kolos beklaaid mei bakstiennen. It projekt moat yn 2018 klear wêze.

Trefwurden: 
Boalsert Sonnema berenburch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)