Subsydzje promoasjekampanje 'Pake en Beppe' yn musea ôfskaft

24 feb 2015 - 15:55

Pakes en beppes binne wer wolkom yn de Fryske musea, al is der dit jier foar it earst gjin jild mear foar in promoasjekampanje. Benammen de lytsere musea misse de publisiteit en krije minder besikers. Gruttere musea yn Fryslân rêde it op eigen krêft wol op. Sa kamen moandei tûzen minsken nei it Natuermuseum yn Ljouwert.

Ferline jier joech de provinsje noch 15.000 euro foar de kampanje Help Pake en Beppe de Fakânsje troch. Der kamen doe mei-inoar 20.000 besikers nei de Fryske musea.

De behearder fan museum It Fiskershúske yn Moddergat fynt dat de provinsje takom jier de subsydzje wer ynfiere moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)