Noch 4 dagen foar it nije lûd: Drege fragen socht

© Omrop Fryslân
De draaiboeken wurde ynelkoar set, de technyk slút de nagelnije studiokamera’s oan en de lêste nije tunes wurde noch opnommen en montearre. Oer fjouwer dagen is it echt safier: de nije radioprogrammearring begjint by Omrop Fryslân. Fan moandei oant en mei tongersdei is dan middeis nei ienen it folslein nije programma ‘Geert yn de middei’ te hearren, mei Geert van Tuinen.
Geert van Tuinen: “Al wiken binne wy no oan it tarieden. De prachtichste plannen hawwe wy betocht, opnij besjoen en soms sels wer ôfsketten. Oant in pear wiken lyn: doe ha ’k in hiele klup minsken byelkoar roppen en hawwe wy elkoar nochris goed yn de eagen sjoen en frege: "Wat moat it wurde?"”
Dat 'Geert yn de middei' in ynteraktyf programma wurde moat, stie wol fuortendaliks fêst. “'Geert yn de middei' kin jo help wêze as je wat sykje. In freon of freondinne fan eartiids bygelyks, of dy iene hiel spesjale útjefte fan in boek of in tydskrift. Sis mar wat jo sykje of freegje it en 'Geert yn de middei' helpt. Fragen binne ek no al wolkom: geert@omropfryslan.nl.”
As fêste presintator fan ‘Sneon yn Fryslân’ hat Geert in grutte freonekrite opboud op Facebook. “It liket my moai om yn myn nije programma op syk te gean nei de de “face” achter it “book”. Wa binne dochs de minsken dy’t allegear folgje wat wy dogge?”
Oare saken yn it programma: de nije kwis Dûbeldop, mei fragen oer muzyk en amusemint, en Flean derút. Ferslachjouwer Femke de Walle kriget wol hiel spesjale opdrachten dy’t sy útfiere moat yn in doarp of in stêd yn Fryslân.
Fierders folget 'Geert yn de middei' Marijke Hornstra op har fytstocht troch Súd-Amearika en is der altyd romte foar spontane ferrassende petearen. En: De Koer fan Fryslân ferhuzet fan de sneon- nei de tongersdeitemiddei. “Mar fansels sit der ek in protte moaie, werkenbere en geregeld hiel ferrassende muzyk yn it programma.”
Geert net mear op sneon, mar fan moandei oant en mei tongersdei: “It sil wol efkes wennen wurde”, jout Geert ta. “Sneon yn Fryslân wie hielendal myn programma. Mar gelokkich is der yn Diana de Groot in goede opfolger fûn.”
WIlens wurdt der wurke oan in hiele set nije studiokamera’s en de nedige technyk dêromhinne, want Geert syn ferrjochtings yn Audio 4 fan it Omropgebou binne alle dagen ek te folgjen op tv.
Op freed is 'Geert yn de middei' der net: dy middei bliuwt foar Noardewyn Live, mei Willem de Vries. “It muzikale doarpsplein”, sa’t Willem syn programma graach omskriuwt, mei alle wiken in studio fol Fryske, mar ek nasjonale en ynternasjonale bands en artysten.