Steven de Jong wol Lutineboek ferfilmje foar KH2018

24 feb 2015 - 14:34

Regisseur Steven de Jong hat in kontrakt sletten om it boek 'Het Friese kwartet en het geheim van de Lutine' te ferfilmjen. It boek fan skriuwer Jolling Luinenburg giet oer fjouwer bern dy't op Flylân in spannend aventoer belibje.

De Jong is no noch dwaande om finansiering foar it filmprojekt te sykjen. Hy hopet mei Kulturele Haadstêd yn 2018 draaie te kinnen. De Lutine fergie yn 1799 tusken Flylân en Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)