Sechsde edysje Sjong 2015 hat 130 dielnimmers

24 feb 2015 - 14:24

It Frysktalige sjongfestival Sjong! foar jongerein hat dit jier 130 dielnimmers. It festival fynt om de twa jier plak. De sechsde edysje fan it sjongfestival is op 11 april yn Dokkum.

De 130 dielnimmers binne ferdield oer 23 bands en solisten. Der kinne mar tsien meidwaan oan de finale. Dêrom binne der yn maart trije foarronden. De bedoeling is dat de dielnimmers in Fryske tekst meitsje op in besteand nûmer. Dit jier hat ien fan de kandidaten sels ek de muzyk skreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)