Fûgelbeskerming hat soargen oer gasboarrings op Skylge

24 feb 2015 - 14:15

Vogelbescherming Nederland hat grutte noed oer de mooglike gaswinning op Skylge en de gefolgen foar de natuer en it lânskip. Sy binne dêrop tsjin en neame it de safolste oanslach op it Waadgebiet. Tulip Oil ûndersiket de mooglikheden om op of by Skylge gas te winnen.

De Fûgelbeskerming is ek aktyf yn de Skylger polder mei it projekt Polderpracht. Dat is ien fan de plakken dy't yn de beneaming komt as boarlokaasje. Mei oare natuerorganisaasjes besiket de fûgelbeskerming de plannen op te kearen.

Trefwurden: 
Skylge gaswinning Tulip Oil
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)