Gemeente slút kluphûs Satudarah yn Drachten

Motorklup Satudarah hat gjin ôfdieling mear yn Drachten. De gemeente Smellingerlân hat ferline jier it kluphûs op in bedriuweterrein yn Drachten sletten. Dêr wie gjin tastimming foar. De gemeente makket him wol wat soargen nei oanlieding fan it ferbod fan Satudarah yn Dútslân. Der is kâns dat leden fan de motorklup de grins oerstekke en nei Nederlân ta komme.
Satudarah is yn Nederlân net ferbean. Wol stiet de motorklup by de oerheid te boek as in kriminele organisaasje.