Fryske brânwacht hoecht net te besparjen

24 feb 2015 - 11:23

De Fryske brânwacht hoecht net te besparjen. Dêr is wat betizing oer, omdat de oare korpsen yn Nederlân 40 miljoen euro besunigje moatte. De Fryske brânwacht is ûnderdiel fan de Veiligheidsregio Fryslân. Dy hat ferline jier al in miljoen euro op de begrutting fan goed 25 miljoen euro besparre. Dat hawwe se dien troch de organisaasje effisjinter wurkje te litten.

De Fryske brânwacht kostet yn trochsneed 43 euro de ynwenner, wylst de brânwachten yn de rest fan Nederlân 66 euro de ynwenner kostje.

Der wurdt no wurke oan in beliedsplan foar de kommende jierren, mar it is oan de gemeenterieden om út te meitsjen wat der fan de brânwacht ferwachte wurdt en wat it kostje mei.

Trefwurden: 
brânwacht besparring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)