Supermerkketen Jumbo boykot produkten fan DE

24 feb 2015 - 08:05

Supermerkketen Jumbo boycot produkten fan Douwe Egberts, Bertolli en Ferrero. Jumbo hat in skeel mei de leveransiers fan dy merken. De partijen kinne it net iens wurde oer de ynkeapprizen.

De boykot duorret al in pear wiken, meldt it fakblêd Distrifood. Der soenen neffens it blêd lykwols ferskate ûndernimmers fan Jumbo wêze dy't de produkten fia in tredde partij dochs ynkeapje, sadat der gjin lege stellings yn 'e winkel komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)