Rianne de Vries nei WK shorttrack yn Moskou

Rianne de Vries © ANP
Shorttrackster Rianne de Vries fan Haskerdiken makket yn maart har debút op it WK shorttrack yn Moskou. It reedridersbûn KNSB hat moandei de seleksje foar it WK shorttrack bekend makke, dat op 13 oant en mei 15 maart hâlden wurdt. De Vries docht mei oan it yndividuele toernoai en oan de ôflossing.
By de manlju dogge Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Freek van der Wart mei oan it yndividuele programma. Itzhak de Laat makket kâns op in plakje yn de ôflossingsploech.