Tsjerkestriid Ljouwert foarby mei ferkeap Pelikaantsjerke

Der liket in ein te kommen oan de tsjerkestriid yn Ljouwert. De algemiene tsjerkeried fan de Protestantse Gemeente wol de Pelikaantsjerke ferkeapje oan de Pelikoepelwijk. Dy groep hat him ôfsplitst fan de Protestantse Gemeente nei in konflikt oer de sluting fan de Koepeltsjerke en de Pelikaantsjerke. It gebou kin tsjin in merkkonforme priis oernaam wurde. Skriba Netty Meijer-Torenstra seit dat it de bêste oplossing is. No hâlde se de ferkeap yn eigen hân. Oars wie der nei alle gedachten in eksterne kommisje ynsteld dy't in oardiel jaan moast.