Webside foar bloeitiden stinzefloara

Oft de maitiid dit jier no let of betiid is, leafhawwers fan stinzefloara hoege net mear om 'e nocht op 'en paad. Fan no sneon ôf is nammentlik in nagelnije monitor online: de saneamde stinzefloara-monitor. Dy wurdt makke en byhâlden troch frijwilligers. Op de webside kin elkenien sjen wêr't wat yn bloei stiet. Yn it ferline wie it noch faak sa dat minsken op besite kamen by in stins as de blommen en struken noch net yn bloei wiene. Troch it no op in webside te setten, kinne besikers it maksimale út harren besite helje.