Spannende ferkiezing leukste winkelstrjitte

De Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert en de Folkingestrjitte yn Grins sitte ticht byinoar yn de ynternetferkiezing fan 'Leukste winkelstrjitte fan 2014'. De Folkingestrjitte stie moandei oan 'e ein fan de middei mei 1297 stimmen op nûmer ien, folge troch de Lytse Tsjerkestrjitte mei 1260 stimmen. De Ljouwerter winkelstrjitte makket kâns om foar de tredde kear de titel binnen te heljen. Earder waard de strjitte ek al útroppen ta leukste winkelstrjitte fan 2010 en 2012.
Fia de webside www.nlstreets.nl kin noch oant freedtemoarn op ien fan de yn totaal tsien nominearre winkelstrjitten stimd wurde. Oan de Lytse Tsjerkestrjitte sitte tritich spesjaalsaken dy't foar it grutste part fan selsstannige ûndernimmers binne.