Net folle ûnderfuorre bern op poly yn MCL

23 feb 2015 - 16:13

Sikehûs MCL yn Ljouwert behannelet alle jierren mar in pear ûnderfuorre bern. Dat seit bernediëtiste Nienke Wierdsma yn reaksje op in warskôging fan dokter Sandra Schrama fan it Juliana Kinderziekenhuis yn Den Haach. Dat sikehûs krijt hieltyd mear bern yn behanneling dy't lijerich binne om't se allinnich mar saneamd 'superfood' krije.

Dy taname is der net it MCL. Diëtiste Wierdsma sjocht yn de praktyk wol dat in soad âlden it paad bjuster binne mei alle wikseljende berjochten oer wat wol en net sûn is. Bern krije dan te faak itselde iten.

Op de poly yn sikehûs MCL wurde bern behannele dy't problemen hawwe mei de ûntlêsting, of dy't te licht of te lyts binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)