Stoflik omskot fûn yn it wetter by Broek

Stoflik omskot fûn yn it wetter by Broek © Sicco Riedstra
De plysje hat moandei it stoflik omskot fûn fan de 78-jierrige fermiste Nico Post fan De Jouwer. De plysje fûn it lichem yn it wetter fan de Swettepoelsterdyk by Broek. Post waard al in pear wiken fermist.
It omskot waard fûn troch in hûn by in sykaksje op it wetter. Earder waard ek al socht op it plak, mar doe waard neat fûn. Oer de deadsoarsaak kin de plysje noch gjin útspraken dwaan. In misdriuw wurdt útsletten.