Alvetûzen hantekeningen tsjin gasboarrings by Skylge

23 feb 2015 - 15:01

De aksjegroep GasTvrij Terschelling hat hast 11.000 hantekenings sammele tsjin de mooglike gasboarring op of by it eilân. De Skylgers binne ûngerêst oer de plannen fan Tulip Oil dy't de gasboarrings ûndersiket. Ferline wike kamen hûnderten Skylgers op de ynformaasjegearkomste fan it bedriuw ôf.

In hiel soad saken moatte noch ûndersocht wurde. De gemeenteried fan Skylge komt tiisdei byelkoar om him út te sprekken oer de plannen. De ferwachting is dat ek op de gasboarrings tsjin wêze sil. It ryk nimt it úteinlike beslút oer de gaswinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)