Jutbak op strân fan Flylân foar plestik en tou

23 feb 2015 - 12:49

As earste Fryske Waadeilân hat Flylân in saneamde 'jutbak' op it strân. It giet om in houten kiste by it Badhuys, dêr't toeristen pestik, glês en tou yn smite kinne dat se tsjinkomme as se by de see del kuierje. Letter fan 'e wike komme op twa oare plakken op Flylân ek sokke seeôffalbakken te stean.

It idee komt fan de strannen fan Goeree-Overflakkee. Sabine Mesli fan de sûvenierwinkel op Flylân hat it konsept oernaam. Sy hat in sponsor fûn foar de houten kisten. De gemeente sil soargje dat dy út en troch lege wurde.

De earste kiste waard snein yngroeven yn it sân. Al gau dêrnei waard it earste ôffal deryn smiten.

Trefwurden: 
Flylân jutbak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)