"Grinssupporters foelen kafee De Skoffel oan"

Supportersferiening Nieuw Noord fan SC Hearrenfean distansjearret him fan de fjochterij tusken oanhingers fan SC Hearrenfean en FC Grins yn kafee De Skoffel op It Hearrenfean fan snein. Grinsoanhingers mei izeren staven, messen en kettings bestoarmen it kafee, seit foarsitter Edward Jousma fan Nieuw Noord.
Jousma wie op dat momint net yn it kafee, mar krige fan oare minsken fan Nieuw Noord te hearren oer de oanfal. Minsken fan Nieuw Noord binne oandien troch wat harren oerkaam is, seit de foarsitter.
Jousma tinkt dat sawat tritich Grinzers achter de oanfal sitte.