Mearderheid fan Friezen iens mei ferbod op ljipaaisykjen

23 feb 2015 - 12:02

In mearderheid fan de Friezen fynt it in goede saak dat it ljipaaisykjen dit jier ferbean is yn ús provinsje. 56 prosint is foar it ferbod en 66 prosint hat der begryp foar. Dat docht bliken út in enkête fan Omrop Fryslân en EenVandaag.

Goed 1100 Friezen binne frege nei harren miening oer it ferbod en oer de gefolgen derfan. En oer dy gefolgen hawwe de Friezen wol noed. Sa tinke in soad minsken dat de neisoarch ûnder druk komt te stean troch in ferbod op it sykjen fan aaien. 49 prosint jout oan him dêr soargen oer te meitsjen.

Hast de helte fan de ûnderfrege Friezen, 45 prosint, fynt it belangryk dat de tradysje fan it ljipaaisykjen behâlden bliuwt. Mar in mearderheid, 53 prosint, jout oan dat net belangryk te finen. De tradysje is net mear fan dizze tiid. "Eieren rapen of roven in het algemeen is een gebruik dat niet meer thuishoort in 2015. De vogels hebben al zoveel vijanden, andere dieren maar vooral ook de mens met bestrijdingsmiddelen en grote machines. Laten we het dan niet erger maken door óók nog te rapen", sa seit in dielnimmer. Ek is 42 prosint foar in ferbod op it aaisykjen yn 2016.

De Ried fan Steat sette yn jannewaris in streek troch de ûntheffing fan de provinsje foar it sykjen en meinimmen fan ljipaaien. Neffens de Ried is dy ûntheffing net jildich. De provinsje moat earst mear ûndersyk dwaan nei de ljippestân en oantoane dat it goed giet mei de ljip. Salang't dat ûndersyk net dien is, mei net aaisocht wurde.

It Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten moat minsken better útlizze hoe't it Fryske systeem fan ljipaaisykjen en neisoarch wurket. Dat seit foarsitter Rendert Algra. Algra is net fernuvere dat de mearderheid fan de Friezen yn in enkête oanjout foar in ferbot te wêzen op ljipaaisykjen. Neffens Algra komt dat om't de Friezen der te min fan witte. Boppedat soene se harren nocht hawwe fan de diskusje oer it aaisykjen. Neffens Algra docht út de neisoarchsifers fan de ôfrûne jierren bliken dat yn Fryslân folle better op de ljip en de oare greidefûgels past wurdt as yn provinsjes dêr't net aaisocht wurde mei.

Op de webside fan EenVandaag stiet de folsleine enkête.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)