Fallite jachthaven en boaten Jirnsum by opbod ferkocht

De jachthaven fan Jirnsum en acht motorjachten wurde feild. De haven wie earder al fallyt ferklearre. De feiling bestiet út trije ûnderdielen: de haven sels, de ynboel en de acht boaten. No tiisdei en oer twa wike hawwe belangstellenden de kâns om de haven en wat dêrby heart te besjen. De feiling sels is op 16 maart.