UNIS Flyers winne ek twadde wedstriid yn de play-offs

De UNIS Flyers © awfoto.nl
De UNIS Flyers hawwe sneintejûn ek de twadde wedstriid yn de heale finale fan de play-offs wûn. Yn Geleen, tsjin de Eaters, waard it 5-2 foar de Feanster iishockeyers. Alle goals foelen yn de earste twa perioaden fan de wedstriid.
De earste wedstriid, op It Hearrenfean, waard ek al mei 10-1 yn it foardiel fan UNIS Flyers beslist. Takom sneon is de tredde wedstriid. Der wurde maksimaal sân westriden spile: wa't it earst fjouwer kear wint, giet troch nei de finale.