Supporters mei elkoar op de fûst op It Hearrenfean

22 feb 2015 - 17:22

Nei ôfrin fan de fuotbalwedstriid SC Hearrenfean tsjin Grins binne snein sa'n fyftich supporters mei elkoar op de fûst gien yn it Feanster sintrum. Neffens de plysje binne trije supporters ferwûne rekke, twa ha stekwûnen en ien is ferwûne oan de holle. Nei behanneling yn it sikehûs koenen de trije ferwûnen wer nei hûs.

De plysje hat twa auto's folgje kinnen mei dêryn fjouwer Grins-supporters. Dy binne op de A32 oanhâlden.

Neffens de plysje wie de sfear by de wedstryd goed. Beide groepen troffen inoar nei ôfrin foar kafee De Skoffel. Doe't de plysje kaam, naaiden alle relskoppers gau út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)