FVC spilet lyk tsjin nûmer lêst AFC Arnhem

De fuotballers fan FVC kamen snein net fierder as in 2-2 lykspul tsjin nûmer lêst AFC Arnhem. Op sportpark Wiarda begûnen de Ljouwerters goed oan de wedstriid. Yn de 14e minút tekene Ruurd Algra foar de iepeningstreffer. Fiif minuten foar rêst soarge AFC lykwols foar de lykmakker.
Nei rêst moast it publyk lang wachtsje op de folgjende treffer. Mei noch in kertier op de klok krige Jeffrey Hollander it publyk op de banken mei de 2-1. Mar lang koe der net feest fierd wurde, want yn de 88e minut foel de Arnhemse lykmakker.
De ploech fan trainer Bert Hollander komt troch it lykspul op 12 punten.