SC Hearrenfean pakt winst yn noardlike derby tsjin FC Grins

SC Hearrenfean wûn snein de noardlike twastriid mei 3-1 fan FC Grins. Yn it Abe Lenstrastadion wie de earste kâns foar Rusnak, dy't foar Grins de 0-1 op 'e skoech hie, mar stuite op keeper Nordfeldt. Oan de oare kant iepene Simon Thern de skoare yn de 35e minút. Op slach fan rêst makke De Leeuw de lykmakker, mar syn treffer waard ôfkard nei hands.
Flak nei rêst telde de 1-1 fan De Leeuw wol. Van Aken kopte de Feansters rap dêrnei op 'e nij op foarsprong. Yn in slotfaze fol fjoer soarge Henk Veerman úteinlik foar de ferlossende treffer.
SC Hearrenfean spile in part fan de twadde helte mei tsien man nei twa kear giel foar Marten de Roon.