Fiskers strune Ljouwert troch om fisk te fangen

Yn de binnenstêd fan Ljouwert is snein it iepen Streetfishing Ljouwert 2015. Sa'n 60 fiskers út binnen- en bûtenlân dogge mei oan it evenemint. Doel is dat de fiskers troch de hiele stêd strune en besykje sa fisk te fangen. Dat bart ûnder oare by de Nijstêd, Frouwepoartsbrêge en it Hoeksterend.
Der wurdt wurke yn twatallen en it stel mei de measte lingte oan fisk wint. Der mei inkeld mei keunstaas fiske wurde. De organisaasje is yn hannen fan roofvisjes.nl út Grins.