Fytser ûnderkuolle út feart by De Knipe helle

22 feb 2015 - 11:54

Foarbygongers hawwe sneontenacht oan de Ds. Veenwei yn De Knipe in man út it wetter helle. De fytser wie troch noch ûnbekende oarsaak yn de Kompanjonsfeart riden. Minsken dy't it seagen, ha him der út helle. De man wie slim ûnderkuolle en is mei de ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
ûngelok plysje De Knipe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)