Fertochten fernielde lantearnepeallen yn Starum oppakt

Fjouwer jongeren fan Starum binne de lêste wiken oppakt. Se binne heard foar fernielerij op âldjiersjûn. De mannen fan 16, 18, 19 en 22 jier fernielden op dy jûn 25 lantearnepeallen op ferskate plakken yn Starum. Se makken de lûkjes iepen en hellen dy fuort en hellen ek de sekeringen derút.
De skea wie 3.000 euro. De plysje koe de mannen op it spoar komme nei ferklearringen fan tsjûgen. Tsjin de fertochten is proses-ferbaal opmakke. De gemeente Súdwest-Fryslân hat oanjefte dien.