Bob de Vries winner Maraton Cup

22 feb 2015 - 01:23

Bob de Vries fan De Haule is mei noch ien wedstriid te gean al wis fan de einoerwinning yn de striid om de Maraton Cup. Yn Deventer waard De Vries twadde yn de fyftjinde maraton. Simon Schouten wie krekt rapper yn de einsprint. Beide manlju sieten yn in kopgroep fan fjouwer mei in rûntsje foarsprong. Bart de Vries, broer fan Bob, waard tredde. By de froulju gong de winst nei de Italiaanse Francesca Lollobrigida. Yn de massasprint waarden Irene Schouten en Mariska Huisman ferslein. Huisman is krekt as De Vries no al wis fan de klassemintswinst.

Bob de Vries wie ek yn it seizoen 2013-2014 de winner fan it einklassemint. Takom sneon is de lêste maraton yn Amsterdam op de Jaap Edenbaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)