Froulju Snits yn follybalbekerfinale

21 feb 2015 - 18:54

De follybalsters fan Snits binne finalist yn de striid om de lanlike beker. Yn Zwolle waard Oskam Taurus út Houten mei 3-1 ferslein. Maklik hiene de Snitser froulju fan coach Petra Groenland it net. Taurus spilet in divyzje leger, mar wie in taaie tsjinstanner. Yn de fjirde set wie it klasseferskil wol grut. De setstannen: 25-20, 25-20, 22-25 en 25-10. Sneintemiddei om healwei fjouweren spilet Snits de finale tsjin Sliedrecht Sport. Sliedrecht wûn mei 3-1 fan Peelpush. Snits is de titelferdigener.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)