Drachtster Boys ferliest by koprinner DVS '33

Drachtster Boys ferlear sneon mei 4-1 fan koprinner DVS '33. Yn Ermelo tekene Harvey Bischop nei 7 minuten spyljen foar de ferrassende Drachtster iepeningstreffer. Twa minuten letter krige de thúsploech in strafskop, wêrtroch't de stân op likense hichte kaam. Op slach fan rêst makke DVS '33 de 2-1 en sochten beide ploegen de klaaihokken op.
Nei rêst wist Drachtster Boys lang wjerstân te bieden, mar yn it slot makke de koprinner út Ermelo it ferskil. Nei de 3-1 mocht DVS '33 op 'e nij fan 11 meter oanlizze en sette sa de einstân op it boerd.