ONS pakt swierbefochten oerwinning by HHC

21 feb 2015 - 16:39

ONS Boso Snits pakte sneon in swierbefochten 2-1 oerwinning by HHC. Yn Hardenberg kamen de Snitsers al nei 7 minuten op foarsprong troch in eigen doelpunt fan HHC. Chris de Wagt fersulvere 4 minuten letter in strafskop en sette ONS op 2-0. Krekt foar rêst makke de thúsploech de oanslutingstreffer.

Yn de twadde helte hie de ploech fan trainer Bert Hollander hâlden en kearen om de foarsprong fêst te hâlden. Mei goed keeperswurk luts doelman Eize Piter Douna de swierbefochten 3 punten oer de einstreek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)