Harkemase Boys wint rom fan VVOG

21 feb 2015 - 16:31

Harkemase Boys wûn sneon mei 4-1 fan VVOG. Op sportpark De Bosk sette Heine Uuldriks de Harkiten nei 5 minuten op foarsprong. In frije traap fan VVOG soarge yn de 14e minút foar de lykmakker. Op slach fan rêst wie Raymond Bolt tichtby de foarsprong mei syn skot waard keard troch de latte.

Nei rêst wie Uuldriks op 'e nij trefseker. Hy koe in moaie oanfal fan Oebele Schokker en Arton Musliu ôfmeitsje en sette de ploech fan trainer Jan Vlap op 2-1. Fiif minuten foar de ein tekene Musliu foar de tredde en fjirde Harkemase treffer.

Troch de winst komt Harkemase Boys op 35 punten. Ek koprinner DVS '33 út Ermelo wûn sneon fan Drachtster Boys en stiet no ek op 35 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)