Herhelling Alvestêdetocht 1985 net bêst te finen

21 feb 2015 - 16:05

De redaksje fan Omrop Fryslân hat sneon tsientallen tillefoantsjes krigen fan minsken dy't graach de rjochtstreekse útstjoering fan de Alvestêdetocht fan 1985 nochris sjen wolle. Dat programma wurdt lykwols net útstjoerd troch de Omrop, mar op it digitale temakanaal NPO Best.

Minsken ha blykber grutte muoite om dy stjoerder der foar te krijen. Op hokker kanaal NPO Best te sjen is, hinget âf fan de provider. Klanten fan KPN moatte bygelyks zappe nei 300, Ziggo stjoert NPO Best út op 151 of 127.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht NPO-best
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)