Ids Postma hat gjin ferlet fan revâns op 1500 meter

21 feb 2015 - 14:52

Ald-reedrider Ids Postma docht net mei oan de revâns-wedstriden yn it Noarske Alta. Syn reedrydmaten fan alear lykas Bart Veldkamp en Adne Sondral binne der wol. Ids Postma is wol klear mei it reedriden en hat it fierstente drok mei syn buorkerij en húshâlding. Dy bestiet út frou, twa dochters en 400 kij. Ids Postma belibbe syn grutste suksessen yn 1997 doe't hy Europeesk en wrâldkampioen waard en op de Olympyske Spelen yn Nagano yn 1998, dêr't hy goud helle op de 1000 en sulver op de 1500 meter.

Trefwurden: 
reedriden Ids Postma revâns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)