Frou mei rollater brekt ankel by oanriding op De Gordyk

21 feb 2015 - 14:44

Op De Gordyk is sneontemoarn in frou fan 82 út dat plak ferwûne rekke, doe't se oanriden waard troch in auto. De bestjoerster fan de auto hie de frou net sjoen, doe't se achterút ried. It slachtoffer, dat mei in rollator rûn, waard rekke en bedarre ûnder de auto. Se hie yn elts gefal in brutsen ankel en is oerbrocht nei it sikehûs.

Op de Snitstertrekwei yn Ljouwert is ek in âldere frou ferwûne rekke, doe't se rekke waard troch in auto dy't achterút ried. Hoe't it mei har is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok De Gordyk rollator
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)