Beetstersweach krijt 80 kilometer mountainbikepaad

Yn de regio Beetstersweach wurdt 80 kilometer mountainbike-paad oanlein. Tsientallen frijwilligers binne dêr al moannen alle sneonen mei dwaande. It wurk moat foar 15 maart klear wêze, omdat dan it briedseizoen begjint en se net mear yn de bosken wurkje meie. De rûte krijt fjouwer startplakken, yn Drachten, Olterterp, Sparjeburd en Beetstersweach.
De bedoeling is dat it paad yn maaie iepengiet foar de mountainbikers.