Ien dei langer feest by de Snitswike

21 feb 2015 - 12:13

De Snitswike wurdt dit jier wer grutter. Foar it earst wurdt de feestwike yn de stêd ôfsluten mei in einfeest, op snein. De festiviteiten op de oare pleinen yn de stêd binne op sneon dien. Dat wie yn 2014 foar it earst, earder duorre it feest yn de stêd oant en mei tongersdei.

De Snitser ûndernimmers binne der net benaud foar dat de ekstra festiviteiten foar mear oerlêst soargje sil. Klachten dêroer binne de lêste trije jier mei 70% ôfnaam, seit Jan van Omme, fan de eveneminteferiening 'Uit in Sneek'.

Trefwurden: 
Snits Snitswike einfeest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)