Flyers sette yn Thialf útein mei heale finale play-offs

De UNIS Flyers spylje sneontejûn yn Thialf de earste wedstriid fan de heale finale fan de iishockey play-offs tsjin Geleen. Yn in 'bêste fan sân' searje wol de ploech fan trainer/coach Chris Eimers him pleatse foar de úteinlike finale om de lânstitel. De Flyers moate dêrfoar fjouwer kear winne fan de Limboargers.
Yn de kompetysje einigen de Flyers op it earste plak en waard net ien kear ferlern fan Geleen. De oare heale finale giet tusken Tilburch en it Belgyske Herentals.
De lêste kear dat de titel nei It Hearrenfean gie wie yn 1983.