Brânwacht ûndersiket fertochte luchtbellen by tankstasjon

21 feb 2015 - 11:50

De brânwacht hat sneontemoarn in mooglik gaslek ûndersocht by in tankstasjon oan De Bolder yn Drachten. By it stasjon kamen yn in put luchtbellen omheech. De brânwacht hat dêrop mjittings dien, mar hat gjin gas ûntdekke kinne. Der wurdt noch wol fierder ûndersyk dien, mar it liket derop dat der gjin lek is. De omjouwing bliuwt noch wol ôfset.

Trefwurden: 
Drachten gaslek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)