Dronken man rekket by Aldegea mei auto fan de dyk

21 feb 2015 - 11:11

De plysje hat freedtejûn let it rydbewiis fan in 53-jierrige ynwenner fan Nyegea ynnaam. De man wie op de Aldegeasterdyk by Aldegea mei syn auto fan de dyk rekke. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat er tefolle dronken hie. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de man.

Trefwurden: 
Aldegea dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)