Disel stellen út frachtwein by Ljouwerter Einsteinwei
Ut in yn Ljouwert parkeard steande frachtauto is earder dizze wike brânstof stellen. It giet om 150 liter diesel. De auto stie parkeard op in bedriuwsterrein oan de Einsteinwei. De stellerij wie yn de nacht fan tongersdei op freed. De plysje hat noch gjin dieder oanhâlde kinnen.