SC Cambuur ûnderút tsjin NAC Breda

20 feb 2015 - 21:56

In lamliddich SC Cambuur hat freedtejûn mei 2-1 ferlern by NAC Breda. Adnane Tighadouini, âld-spiler fan Cambuur, draaide de Ljouwerters de nekke om mei twa goals. Alle doelpunten foelen yn de twadde helte. Yn de 64ste minút kaam NAC Breda op foarsprong nei balferlies fan Erik Bakker.

Cambuur gong dêrnei op syk nei de lykmakker, wêrtroch der ek foar NAC mear romte kaam. Ogbeche rekke noch de peal, mar it wie Tighadouini dy't op 'e nij scoarde. Yn de ekstra tiid makke Ogbeche noch de earetreffer foar Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)